Underskieding foar provinsjesekretaris Guus van den Berg

Nieuwsbericht 1:1 overgenomen!

Dat doen we niet graag, maar voor ‘onze’ tijdelijke gemeentesecretaris Guus van de Berg (derde van links op de foto) maken we graag een uitzondering.

Het gaat namelijk over een “ûnderskieding”, “oar wurk dwaan”, “tongersdeitejûn” en “nije fyzje”. En zoveel moois kunnen we zelf niet bedenken.

Deze hebben we overgetikt van Omrop Fryslân. (Daar kan je ook horen hoe het klinkt – onder het bericht staat een voorlees-knop.)

By syn ôfskied fan de provinsje Fryslân hat provinsjesekretaris Guus van den Berg de CdK-penning krigen fan kommissaris fan de Kening Arno Brok. De ûnderskieding is tongersdeitejûn fanwege Van den Bergs “grutte ynset foar de organisaasje en de Fryske mienskip”. Van den Berg wie ek algemien-direkteur fan de provinsje Fryslân.

Nei sân jier by de provinsje woe Van den Berg oar wurk dwaan. Yn maaie is hy al oan de slach gien as gemeentesekretaris fan de gemeente Zaanstad. Dêr wurke hy ek foar hy by de provinsje kaam. Tongersdei wie syn offisjele ôfskied.

De CdK-penning is troch de kommissaris fan de Kening ta te kennen oan persoanen dy’t him bysûnder ynsetten hawwe foar de provinsje Fryslân. Under Van den Berg kaam der in nije fyzje foar de provinsjale organisaasje. Dy krige it motto: ‘mei de mienskip wurkje oan yn moai en sterk Fryslân’.

Oant der in opfolger foar Van den Berg fûn is, is Arie Piet tydlik algemien direkteur en provinsjesiktaris. Piet bliuwt ek direkteur fan in ûnderdiel fan de provinsjale organisaasje.

 

2 reacties op Underskieding foar provinsjesekretaris Guus van den Berg

  1. Rienk spiekstra schreef:

    De laatste twee woorden zeggen dat de tekst kan worden voorgelezen. Dat kan op de website van Omrop Fryslan wel, maar hier niet. Ik heb het geprobeerd maar het lukt niet. Dus kan het beter weg.

    • De Orkaan schreef:

      Dank (goed dat we zulke erudiete lezers hebben), we hebben boven het bericht nu extra gezet dat je het kan laten voorlezen.

Hier vind je onze regels

Reageren? Ja, graag!

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *